-
Teksten ut in hollânsk yn it Frysk......... 
 
[side ‘wolkom’]
 
wolkom
oer ús
wat wy ferbouwe
foto’s
2012
 
Wolkom op ús website!
Hjir fine jo it lêste nijs, de aardichste foto’s (klik op de foto’s om dy te fergrutsjen) en sa hâlde wy graach kontakt. Wy diele graach ús ynteresse mei jo en hoopje dat jo fine wat jo sykje.
Pyt, Rika, Tjitske Marij, Jildou en Philippus Wilte Sipma
 
Nij op de site
7-10-2013
Der is wer in hûdfol wurk ferset op Timpelsteed (en alle oare lânboubedriuwen…). Under prachtige omstannichheden ha wy de ierappels, sipels en pompoenen rispje kind.
 
Der wie sels tiid om hjir en dêr mei it kilverboerd it lân te sljochtsjen dêr’t dat nedich wie, sadat it wetter net op it lân stean bliuwt.
 
Panoramafoto makke mei myn telefoan… noch efkes prakkesearje hoe’t ik ’m op de site krij…
 
Nei de rispinge is, dêr’t it nedich wie, stâldong útriden. De stâldong is ynwurke en oeral is grienbedonger siedde. Dy grienbedonger soarget foar in ‘paraplu oer it lân’, sadat it hjerstwaar de grûn net tichtslacht en de grûn (lês: it boaiemlibben) sykhelje kin. Men fangt der ek it ferlies fan fiedingsstoffen mei op. Moai meinaam is datst mei in knappe grienbedonger folle minder fan fertúgjen te lijen hast.
 
Wêr’t foar oar jier gerslân plend stiet is alfêst gers mei klaver siedde, op oare perselen is jouwer, weet, wikje of mostersied siedde, of in kombinaasje dêrfan. Dy kombinaasjes wurde ôfstimd op de grûnbewurking dy’t folge wurde moat. Sa binne der ‘fanggewaaksen’ dy’t net winterhurd binne en mei froast dus ôfstjerre sille.
 
Der wurdt ek foar kombinaasjes keazen om’t elts gewaaks syn eigen spesifike bewoarteling hat en dêrmei op ûnderskate wizen oantreklik is foar boaiemlibben.
 
It wurdt wolris fergetten dat boaiemlibben ek by ’t winter fieding ferwurket en omset. Undersyk hat sjen litten dat in aktyf boaiemlibben in pear ton gewaaksresten/fêste dong ‘konsumearje’ kin en ferwurket ta opnimbere boustoffen foar de gewaaksen dy’t neitiid teeld wurde.
 
De opbringsten binne goed wat kwantiteit oangiet, mar ek de kwaliteit liket super. Alles mei-inoar in jier wêryn’t it hurde wurk fertuten liket te dwaan.
 
Ek binne de fergunningen binnen om mei de werbou te begjinnen, fan ’e wike grûnwurk, nije wike komme se om de fundearringen te heien.
 
1-9-2013
Timpelsteed 2.0
It is sawat seis moannen lyn dat ús pleats troch brân ferrinnewearre waard. Op sa’n stuit komme alderhanne emoasjes byinoar. Fansels binne wy bliid dat der gjin persoanlike ûngelokken west ha en dat wy geweldich opfongen binne. Oan de oare kant is in soad enerzjy, tiid, jild mar ek skiednis ferlern gien. Mei feriene krêften ha wy kâns sjoen om de gewaaksen te setten en te siedzjen en ha wy ek de masines foar de fersoarging ferfange kind. Want wat der op it fjild bart is foar ús biologysk lânboubedriuw fansels o sa wichtich. Wy wolle eltsenien tige tanksizze foar de help en stipe yn dizze hektyske tiid. Yntusken tinke wy wakker nei oer de takomst. Alhoewol’t de ôfwikkeling fan de fersekering noch rint en ek it ûndersyk nei de oarsaak noch net ôfrûne is, kinne wy melde dat der yntusken fiergeande plannen binne om te werbouwen.
Yn ’e mande mei arsjitekt Karin Couwenbergh en boubedriuw Dijkstra De Graaf, beide út Ingwierrum, ha wy tekeningen makke en fergunningen oanfrege. Der hat yntinsyf oerlis west mei gemeente, provinsje, Hûs en Hiem en alle oare ynstânsjesom ta nijbou fan de pleats te kommen.
It wurdt net in kopy fan wat der earder stie. De notiidske winsken foar gebrûk en boufoarskriften ha wy fertaald nei in gebou wêryn’t alles ûnder ien dak komt. Mei in soad omtinken foar ynpasberens en sfear fan dit bysûndere stee is ek keazen foar gebrûk fan duorsume materialen.
De ‘kop’ ha wy behâlde wollen en dy sil útrist wurde mei in nij dak, nei alle gedachten wurdt dat yn septimber ien fan de earste sichtbere stappen yn de rjochting fan werbou. In folgjende stap wurdt dan it heien foar de fundearring. Foar de buorlju sil dat in skoftke it ien en oar oan lûdsoerlêst betsjutte, dêr’t wy jim begryp foar freegje. Op in letter stuit sille wy dêr ynformaasje oer jaan.
Alles mei-inoar in tige rûzige tiid foar ús en de minsken om ús hinne.
 
7-8-2013
Yntusken is it blêd fan de poaters klapt en baarnd. Dit jier binne de woartels net snien om’t it wol hiel droech wie (hie by Triplo al moatten, mar noch in kear baarnen ûnderdrukt it túch ek better). Earst te waarm om te roaien, oare wike sil it wol heve.
Hjittegolf wie en is foar de pompoenen in feest, de ûntwikkeling giet as in spear. Rûnom sjochst de planten útrinnen en de romte foljen.
 
De bijekasten stean wer klear om de bijen te húsfestjen, dy’t soargje foar it bestowen fan de pompoenblommen. Boppedat ha wy aanst wer hunich fan eigen boaiem.
 
Watst neamst: babypompoen…
Yntusken wurde de tarissings dien om te begjinnen mei de werbou fan Timpelsteed. Fergunningen binne oanfrege, boutekeningen útwurke, kosterûzingen bepraat.
De ferwachting is dat wy fan heal septimber ôf it foarhûs oanpakke kinne en de heiynstallaasje syn wurk dwaan kinne sil.
 
7-7-2013
Yntusken is de twadde sneed klaver meand en ôffierd. Troch it kâlde waar kamen it gers en de klaver earder yn bloei en moast der meand wurde om kwaliteitsferlies foar te kommen.
De gewaaksen ha geweldich profitearre fan de rein en stean der op ’t heden tige knap op. De lêste slach wjudzje yn de sipels, dan folgje de pompoenen.
 
Woartel (ferline wike)
 
De pompoenen moatte it benammen ha fan it kommende waarme skoft.
Op Timpelsteed wurde de lêste fundearringen oprêden. In sondearring is al makke en meikoarten witte wy mear oangeande it stuit fan fergunningferlienen foar de werbou.
 
23-6-2013
wjudzje mei it wjudbêd yn folle faasje, sipels twa kear dien, binne no moai skjin, no folgje de winterwoartels. De rein fan de ôfrûne dagen wie tige wolkom, mar wy ha der no ús nocht wol fan…
It wetter dat no noch falt wurdt net mear opnaam yn de grûn en kin streekrjocht nei de groppen dy’t wy oaral freesd ha, ôffierd wurde. Underhâlden fan de ôffierkanaaltsjes kin men net betiid genôch leare.
In dei earder wie it noch hiel droech (mar wol knap wjudderswaar).
filmke wjudbêd 2013:
 
15-6-2013
Hjoed de lêste ierappels skoffele, kin no noch sûnder dy te skansearjen, túch dat noch kimet krijt gjin kâns yn it skaad fan de ierappelplant.
Ierappelskoffelje (filmke)
Fierder ha wy in pear wike lyn al guon sleatten folpompt mei wetter om derfoar te soargjen dat de grûn sa min mooglik útdroeget fia de drainaazje en sels wetter oanlûkt fia de ûndergrûnse drainbuizen. Ek kinne de greidefûgels (jongen) profitearje fan de sompige bjirmkanten. As der in soad wetter foarsein wurdt, dan lûke wy de amer út de dûker en is de sleat yn in oere leech.
 
9-6-2013
Yntusken is alles siedde, de woartel en koal (plante) op 28 maaie, de pompoenen op 31 maaie.
Koal is in nij gewaaks, aardige útdaging, wol de kop derby hâlde…
Opkomst giet as ’t slydjaget, ôfrûne moandei wie it stuit dat de kime woartel krekt net boppe de grûn útkaam en it (kymjend en al oanwêzich) túch fuortbaarnd wurde koe. De hjitte en benammen it ynfrareade ljocht dat ‘út’ de flammen komt soarget foar in skjin begjin. Fan ’e wike ha wy riden mei it wjudbêd, mei meiwurking fan skoalbern wurdt it lêste túch út de sipels socht. Der stiet net in soad, in foech hektare deis is goed te dwaan. Op de foto in âld wjudbêd, yntusken is it nije wjudbêd yn gebrûk, dêr’t oant 16 man op wurkje kinne. Fansels wurdt hjir en dêr skoffele en eide. Sipels, koal en it lêste poatguod binne skoffele, de pompoenen nei-eide.
 
Ek wurdt it tiid om te bereinen yn de sipel, om genôch groeidagen feilich te stellen.
Juster binne wy begûn mei it spuitkanon om’t der in soad wyn foarsein wie. Bereinen giet moaier mei in sproeibeam, it wetter falt rêstiger. Mar ast in soad wyn ferwachtest, is it kanon ‘the way to go’.
 
18-5-2013
De sipel siedde op 18 april, de lêste poaters op 24 april. Ferline wike ek de woartelrêgen freesd. Juster is 7 ha klaver oersiedde, om’t benammen de klaver it meardere kearen ôffretten troch oerwinterjende guozzen net ferneare koe.
 
Wol fierder noch efkes yn petear mei faunafûns oer de guozzeskea, en it skynt dat ik ek noch in liet ynstudearje moat foar Wim Lex…
 
13-4-2013
It is net sa dat wy emosjoneel/rasjoneel oer dizze trageedzje hinne binne, sterker noch: ik ferwachtsje dat it wiere gefjocht noch wolris komme koe, mar Rika en ik ha mei de bern, famylje, freonen/kollega’s de krêft fûn om de ‘trochstart’ yn gong te setten.
Op it lân is noch net in soad bard. Pear hektare gersklaver ynsiedde, dong útriden, mear wie earst net oan ’e oarder.  Faaks kinne wy oare wike begjinne mei sipelsiedzjen en ierappelsetten.
De lêste woartel is fan ’e wike ôflevere, oant de ein ta in hiel moaie kwaliteit. Ek de sipels gean der no flot út en dy binne ek tige moai, al is it alle seilen bysette om se goed ôfleverje te kinnen.
 
22-3-2013
En doe wie der de brân… Rika en de bern derút en de rest is skiednis.
Wat dêrnei bart is mei gjin pinne te beskriuwen, mar wy binne der noch, freonen ha in hûs foar ús ynrjochte, de earste masines binne al wer oankocht, sied- en poatguod wer oankocht, petearen mei de gemeente rinne, fersekeringen wurde oansprutsen.
 
[side ‘oer ús/kontakt’]
 
Oer ús
 
It stee
De buorkerij is boud yn 1895, foar in part op fûneminten fan in oare pleats. Us pake (Philippus Bakker) kaam der yn 1933 op, ús heit (Lolke Sipma) yn 1970 en ik buorkje der sûnt 2005. De namme Timpelsteed is earne yn de jierren santich ûntstien, trochdat de wei dêr’t de pleats oan leit fan dat stuit ôf sa neamd waard, nei in revyzje fan it strjitplan. Nei alle gedachten is it in ferwizing nei guon huzen dy’t op de noardeasthoeke fan de pleats stien ha.
 
It bedriuw
Om Timpelsteed hinne leit sawat 60 hektare grûn dêr’t in stik yn eigendom en in oar stik yn pacht fan is. Foar 1980 wie in it mingd bedriuw, d.w.s. foar in part lânbou (benammen poaters, sûkerbiten en nôt) en foar in part feehâlderij (melkkij, skiep en – yn it earstoan noch – hynders). Nei 1980 binne de melkkij ferdwûn en hat ús heit him spesjalisearre yn de poatguodteelt.
 
Biologysk
Yn 2008 ha ik de kar makke om mei biologyske teelt te begjinnen. Troch dy kar moasten de sûkerbiten en in grut part fan de poatguodteelt ôfstaat wurde, om’t der foar sûkerbiten gjin biologyske ôfset is en de poatguodteelt ekstinsiver makke is. Dêr kamen siedsipels, winterwoartel, pompoenen en biten foar yn it plak. As ‘rêst’gewaaks wurdt gers/klaver teeld, dat foar in part ferkocht wurdt oan biologyske feehâlders.
Men soe sizze kinne dat de bedriuwsfiering dy’t keazen is noch it measte hat fan de bedriuwsfiering dêr’t ús pake yn 1933 mei begûn is. Sûnder gemyske gewaaksbeskerming, keunstdong en mei mear hânwurk, en sels de krisis (dy’t begjin jierren tritich oant fjouwer kear ta alle jierren in nije boer op it bedriuw brocht) is wer tige oanwêzich.
 
Libben op de buorkerij
Sok trochsiedzjen moat barre om’t de gersseadde skansearre is troch de strange winter en it fertraapjen/oanfretten troch grutte klibers guozzen.
Om’t it gerslân net bedonge wurdt, is it nammerste belangriker dat der oeral genôch gers en (benammen) klaver stiet.
Om’t dizze maitiid al wer droech liket te wurden, wurde de ynsiedde perselen rolle om ferdroegjen fan it kime sied foar te kommen.
 
Oar libben op de buorkerij
In skoftke tebek wie der ien op de pleats dy’t de útspraak die: ‘In buorkerij sûnder bisteguod is gjin echte buorkerij’ (slok). Oan my om dêr dochs wat kanttekeningen by te setten.
 
Yn it foarste plak kin ik fêststelle dat op knap fersoarge lânbougrûn yn trochsneed mear bisteguod foarkomt as op in melkfeehâlderij.
 
Ut ûndersyk hat bliken dien dat yn of op in hektare grûn in boaiemlibben oantroffen wurde kin dat lyk is oan it gewicht fan seis kij! Dan moatst net allinne tinke oan wjirms, tuorren en spinnen, mar ek oan baktearyen, ieltsjes en oare (net mei it bleate each waarnimbere) organismen.
 
Fûgels
Neist de tûzenen pau-, bles- en zwartbúkrotguozzen witte ek greide- en ikkerfûgels dat wy se op Timpelsteed (en op in soad oare lânboubedriuwen) gewurde litte. Yn oparbeidzjen mei leden fan fûgelwacht Ingwierrum wurde de nêsten fan dy fûgels safolle mooglik yn kaart brocht sadat, as in bewurking nedich is, op it lân de nêsten weromfûn en beskerme wurde kinne.
 
Fan ’t jier ha wy fiif fûgelkasten krigen fan fûgelwacht Ingwierrum. Dy ha wy ophinge en mei de nêstkastkes dy’t der al hingje jouwe dy ekstra nêstgelegenheid foar de lytsere fûgelsoarten.
Sûnt 2011 is de ûlebalke yn de nok fan de pleats befolke troch goudûlen, dy’t dêr trije ûlen grutbrocht ha.
 
Reeën
Ek reeën witte de rêst, romte en restaurant fan Timpelsteed goed te finen. Gewoanwei sitte der, benammen winterdeis, in stik as tolve. Ik ha der ek wol achttjin teld!
 
Húsdieren
Fansels meie Bo (herdershûn), Chimney (kat), Karissa (hynder) en Molly (pony), knyn en hinnen (Fryske Readpel) net oan de opsomming ûntbrekke.
 
Kontakt:
Fam. P. Sipma
Timpelsteed 1 (earder Bûtendykswei 16a)
9132 LK Ingwierrum (9132 LV)
06-48068235
 
Fakânsjewurk
Foar oar jier ha wy wer ferlet fan in team entûsjaste wurknimmers.
Hast eineksamen dien? Dan kinst ús team fersterkje fan 1 juny oant sawat 15 july.
Bist op syn minst 15 jier en op syn minst 4 wiken ynsetber, dan kinne wy dy in aardige en learsume fakânsjebaan oanbiede. Knap lean en wurkje yn in fêst team soargje foar in ûnferjitlike erfaring. Hâld de site yn ’e rekken.
 
Watst witte moatst oer fakânsjewurk 2013
Formulier leanheffingen (folje wy mei-inoar yn)
 
Staazje
Timpelsteed is troch Aequor oanmurken as learbedriuw. De earste helte fan 2013 rinne hieltiten twa stazjêres mei, dêrnei bist fan herten útnoege om ûnderfining op te dwaan op it biologyske lânboubedriuw.
 
Foar fragen oer wurkjen op Timpelsteed, mar fansels ek foar oare fragen, opmerkingen en ideeën oer ús bedriuw mei al syn fasetten kinst maile nei:
 
[side ‘wat wy ferbouwe’]
 
It lânboubedriuw yn sifers:
Op Timpelsteed wurdt een romme fruchtwiksel hantearre. Soks hâldt yn dat in gewaaks (of gewaaksfamylje) net mear as ien kear de sân jier op itselde perseel weromkomt. Sadwaande wurde boaiemsykten minimalisearre en behâldt de grûn syn fruchtberens en bewurkberens.
 
Bouplan 2013
poaters 8 ha
siedsipels 7.3 ha
pompoen 7 ha
woartel 4.5 ha
koal 2 ha
FAB rânen 1 ha
gers/klaver 30 ha
 
Oare aktiviteiten dy’t by ús bedriuw hearre:
 
Guozzen, greide- en ikkerfûgels en ikkerrânen
Timpelsteed leit yn in gedoochgebiet foar guozzen. Wy binne lid fan de Guozzekrite, dy’t der noed foar stiet dat yn Noardeast-Fryslân de oerwinterjende guozzen rêst, romte en restaurant fine. Ik sit ek yn it bestjoer fan dy feriening.
Greidefûgels wurde, benammen by it brieden en grutbringen fan de jongen, safolle mooglik mei rêst litten.
Sjoch op Guozzekrite.nl.
 
Ikkerrânen
Fanút feriening Guozzekrite koördinearje ik de FAB (Funksjonele AgroBiodiversiteit) rânen, dy’t oanlein wurde lâns lânbougewaaksen dy’t gefoelich wêze kinne foar, benammen, luzen en slakken. Troch it ynsiedzjen mei in spesjaal gearstald mingsel ûntstiet in biodiverse buffer dêr’t natuerlike fijannen fan luzen (slûpbij, ingeltsje en stilstânmich) en fan slakken (tuorren en spinnen) de skea trochtaastend beheine kinne.
Fierder lokke de bloeiende rânen bijen oan, dy’t foar bestowing fan ferskate lânbougewaaksen soargje kinne en ek hunich produsearje foar de ymker.
As lêste jouwe de kleurrike rânen in moai fleurich aksint tusken de grutte flakten. “It each wol ek wat.”
Sjoch op bloeiendbedrijf.nl.
 
Biowad
Wy binne oansletten by Biowad: in fyftjintal biologyske lânbouwers út Noard-Fryslân en Noard-Grinslân. Kennis- en erfaringsútwiksel wurdt fanút dy stifting stimulearre; yn de wintermoannen komme wy (op syn minst) ienris de moanne byinoar. Dêrby wurde gauris ek sprekkers útnoege. Simmerdeis binne der ekskurzjes.
Sjoch ek Biowad.nl.
 
Hjirûnder folget in gearfetting fan de teelt en it ferwurkjen fan de belangrykste gewaaksen:
 
Poaters
Poaterteelt is in âlde bekende op it bedriuw. Bedoeld wurdt basispoatguod dat letter benammen eksportearre wurdt, nei lannen yn mar ek bûten Europa. Yn dy lannen wurde de ierappels neiteeld en ferkocht foar de konsumpsje. It foardiel is dat se dêr sadwaande kymkrêftich, firusfrij poatguod ta har foldwaan ha, dat hege opbringsten opsmite kin. De poaterr kin him dan spesjalisearje.
De poaters wurde yn de kuolling bewarre oant heal jannewaris. Dan wurde se opwaarme en yn kymbakjes dien. Yn de kymbakjes ûntwikkelje de ierappels kimen dy’t noch net echt stevich binne, se brekke maklik ôf. Mar as de bakjes begjin maart bûtendoar yn it ljocht set wurde, hurdzje de kimen ôf en soargje se sadwaande foar en soargje se der sadwaande foar dat de teelt earder ynset wurde kin, trochdat de kimen, ienris yn ’e grûn, fuort trochgroeie kinne. Wat earder de ierappels boppe de grûn stean (sawat 10 dagen) en har fermearderje kinne, wat earder sit der in goede opbringst ûnder en ha sykten en firussen minder kâns om skea ta te bringen.
Túch kin bestriden wurde troch koart dêrnei de rêch oan te frezen. It lytse túch ferdwynt dan ûnder de nije rêch. Nij túch wurdt fuortkonkurrearre troch it ierappelblêd, dat yntusken heger stiet. Ein july is dan it stuit kaam dat de ierappels te grou driigje te wurden (poatermaat is 50 mm trochsneed). Dan wurdt it ierappelblêd klapt om de groei stil te setten, baarnd om it blêd te deadzjen en wurdt de ierappelsnijer ynset, dy’t mei in mes flak ûnder de ierappels it woartelstelsel trochsnijt, sadat de plant net fannijs útrint.
Fjirtjin dagen letter wurdt de rispinge roaid, yn kisten dien (1300 kg), droege, sortearre yn ûnderskate maten, lêzen (ôfwikende ierappels derút), kuolle bewarre en op ôfrop (neffens winsk) ferpakt (25 kg oant 1250 kg).
 
Siedsipels
De sipels wurde om 10 april hinne siedde. Flak foar opkomst wurdt it túch dat al kime is, fuortbaarnd. Dêrnei wurdt tusken de rigen skoffele (mei in skoffelmasine foarop de trekker), yn de rige sels (tusken de plantsjes) moat it túch mei de hân fuorthelle wurde. Wy wurkje mei in wjudbêd dêr’t 14 persoanen yn in ergonomysk goede hâlding in pear kear de rigen mei bydel ride om it gewaaks skjin te krijen. Healwei augustus ‘strike’ de sipels: it blêd giet lizzen en stjert ôf. Dat is it momint om it blêd te klappen en de sipels te roaien, op kypweinen te laden en yn kisten te droegjen en te bewarjen. Ofset fan jannewaris ôf, dêrta wurde de sipels opwaarme, sturte, sortearre, lêzen en opsekke.
 
Woartel
Ek woartel is in nij gewaaks op Timpelsteed. In pear wiken foar’t de woartel siedde wurdt, wurde de rêgen opfreesd. Op dy rêgen wurdt de woartel om 15 maaie hinne siedde. Krekt foar de opkomst wurdt it al kime túch ôfbaarnd. Dêrnei is it in pear kear skoffeljen tusken de rigen en twa kear mei it wjudbêd yn de rige sels. As de temperatueren ûnder de 10 graden sakje, kin de woartel roaid wurde. Foar dat roaien brûkt de leanwurker in klambânroaier: de woartel wurdt oan it blêd fêstklamme, omheechlutsen en ienris boppe de grûn wurdt it blêd ôfsnien en falle de woartels op in bân, dy’t se fuortdaalk yn in kiste deponearret. It is saak om genôch grûn mei te roaien, sadat de woartel net ferdroeget ûnder it bewarjen. De kisten mei woartel wurde yn in kuolling brocht. Dêrwei gean se, op ôfrop, nei de spielerij. Dêr wurde se wosken (spield), sortearre en lêzen. De woartel einiget yn pûdsjes fan 500 gram yn de winkels.
 
Pompoenen
De teelt fan pompoenen is frij seldsum yn Noard-Fryslân. Begjin maaie wurdt in ‘falsk siedbêd’ makke, de grûn wurdt siedree lein, wêrnei’t it túch kymje kin. Fan healweis maaie ôf wurdt it lân licht bewurke, sadat it túch ôfstjert en der dus minder túch kymje sil. It pompoenesied wurdt op 75 sm útinoar en sawat 70 faninoar siedde mei in presisysiedder. Foardat it sied boppe komt kin der noch eide wurde. Dêrnei wurde de paden skoffele mei in brede skoffel en wurdt der grûn tusken de planten skood om it túch dêr fuort te heljen. Wannear’t se knap oan de groei binne, kinne se it hiele fjild tichtgroeie, sadat túch gjin kâns mear makket.
Ein septimber wurde de pompoenen fan de stronken snien en yn kisten lein. Dêrnei wurde se op in konstante temperatuer fan 12 graden bewarre en fan desimber ôf op ôfrop út de kisten helle, op gewicht sortearre, poetst en yn sekken fan 14 kg ferpakt.
 
Gers/klaver
Gers mei klaver wurdt siedde op perselen dêr’t in pear jier lânbougewaaksen stien ha. It tsjinnet as ‘rêstgewaaks’. Der wurdt in skoftlang net yn de grûn wrot en tegearre mei de klaver soarget dat foar in oplibjen fan it boaiemlibben en dêrmei fan de grûn. Klaver heart ta de ‘flinterblommigen’, wat ynhâldt (oars as de foto jin tinke lit) dat de plant stikstof út de loft bine kin yn de grûn. Net om ’e nocht wurdt de gers/klaverteelt de motor fan it biologysk bedriuw neamd.
 
It gers/klaver wurdt in pear kear it jier meand en giet dan foar in part as kúlfoer nei feehâlderijen en foar in part wurdt it ynset foar organyske stoflevering oan de boaiem.
 
[side ‘foto’s’ (ûnderskriften)]
 
woartelskoffelje
Tusken de rigen kin masinaal skoffele en oanierde wurde
 
sipelskoffelje
Tusken de rigen kinne de sipels skoffele wurde. 4.5 meter breed, marzje fan 2 sm: konsintrearje!
 
woartelrispinge
De woartel wurdt fuort yn kisten laden
 
dong
Mei de dongwein fan de leanwurker is it ienfâldich om fêste geite- of kowedong oer it lân te ferpartsjen
 
sipelwjudzje
Nei twa of trije kear hânwjudzjen is it túch hielendal ferdwûn
 
baarne
Ear’t de woartel- of sipelplanten boppe stean kin it oanwêzige túch fuortbaarnd wurde
 
poaters
Om in flotte start te jaan is it wichtich om de kimen op it poatguod net ôf te brekken. Falmominten en falhichtes beheine dus.
 
blommerânen
Dêr’t it kin wurde FAB- rânen kreëarre; yn dy blommerânen kinne ynsektepleagen troch oanlutsen natuerlike fijannen behearske wurde
 
woartelrispinge
De kisten mei woartel gean mei de frachtwein nei in kuolling yn de Noardeastpolder. By myn fêste ferfierder ha ik in eigen oplizzer riden J
 
sipelroaie
Nei it roaien kinne de sipels op it fjild droegje
 
selektearjen fan poaters
Mei de seleksjekarre kinst dy goed konsintrearje op it sykjen fan sike en ôfwikende planten
 
farskmeand gers/klaver
 
guozzen
Tusken oktober en april binne der in soad oerwinterjende guozzen. Moai gesicht mar se kinne in bulte skea feroarsaakje
 
“de jûn falt”
 
ferwurkjen ierappels en sipels
By Mts. Steeghs wurde de poaters en sipels ferwurke. Opsekje en de sekken op pallets lizze giet folautomatysk! Altiten stiet der wol foarried te wachtsjen op in reis nei (bytiden) fiere oarden.
 
fordson dexta
trekker fan begjin jierren 60 is oeral ynsetber
 
cambridgerol
by droechte kin it nedich wêze om de grûn wat oan te drukken.
 
ierappellêze
yn it lêshok wurde de ierappels kontrolearre op bygelyks ôfwikende foarmen, rot en kluten
 
bercheinen
al sûnt skoften sammelje omtrint heal maart in stik as fjirtjin bercheinen har by de buorkerij. Guon nestelje dêr, de rest siket earne oars in plakje.
 
siedkombinaasje
mei de siedkombinaasje kinst yn ien wurkgong de grûn losmeitsje, ferkromje en ynsiedzje mei gerssied of jouwer (grienbedonger)
 
topografyske kaart mei part fan perselen
 
útstel fan de earste sneed gers/klaver
de winterguozzen, en de groeiende groep guozzen dy’t it hiele jier ferbliuwe, soargje foar in milimetere gersseadde. Ek foar yn de tún?
 
valtra en nije frees yn aksje
de nije heakkefrees wurket bêst, der sitte dochs in pear bêste ynnovaasjes by.
 
koalplanter
mei dizze planter kinst fiif rigen op 50 sm plantsje, ûnderlinge ôfstân 38 sm. In soad planten de ha om te soargjen dat kilokoaltsjes ek sawat in kilo wage as se rispe wurde moatte
 
woartelbaarne
foardat de siedde woartel boppe komt, wurdt it al oanwêzige túch fuortbaarnd mei help fan waarmte en ultrafioletstrieling fan de flammen
 
oeral yn it gewaaks binne gropkes makke dy’t in tefolle oan wetter ôffiere nei de sleat. Op plakken gropkes wer iepenskeppe, dat kinst net betiid genôch leare…
 
mei de folfjildfrees mei ekstra freesheakken kinne wy no de gers/klaver goed ûnderwurkje. Fertarring giet better, minder lêst fan gers en klaver yn ferfolchteelt.
 
seefûgels
ast dochs in bewurking útfiere moatst, jouwe de miuwen oan datst genôch boaiemlibben hast…
 
pompoenen
Pompoenen wurde lossnien en komme fia in rispbân yn kratten. Sekuer wurkje om skansearjen foar te kommen.
 
kúlje
 
woartelwjudzje
Lizzend op it wjudbêd kin ienfâldich it túch yn de rigen fuorthelle wurde
[side ‘2012’]
 
25-2-2013
Oan de oare kant kinst mei kymbakken hiel skjin wurkje, gjin fersmarren fan kimen en baktearyen en de poaters hoege, as se ien kear yn it bakje sitte, net wer ‘oer de kop’.
No stean de (4000) bakjes yn de skuorre. Mei in kachel wurdt de temperatuer om de 12 graden hinne holden. Eventuele beskeadigingen oan de ierappel (troch it bewurkjen) kin er sels reparearje (ferkoarkje), wat goed is foar de hâldberens. Ek wurdt de ierappel út syn kymrêst helle, sadat er oer in dei as tsien in pear moaie kimen groeie.
Op de foto stiet ek de lutsen twarigige snarepoatmasine yn opbou. Mei dy masine sille wy aanst de poaters sette. Trochdat er net fêstsit oan de hef fan de trekker, is de masine stabiler en kin mei in lichtere trekker wurke wurde.
Ferline wike snein is ús soan berne! Mem en bern meitsje it hiel bêst en wy ha in hearlike wike hân. Op de foto is er alwer krap in wike âld, hat er lekker dronken en liket er bêst yn syn fel te sitten.
 
2 maaie 2012
GPS wurdt brûkt om de rêgen moai rjocht te hâlden. Wa hie tsien jier lyn tocht datst it lân bewurkje soest ûnder tafersjoch fan op syn minst 5 satelliten en in ekstra stjoerder yn Nijewier?
It slagget knap om yn ien wurkgong de rêgen moai fol, rjocht en heech (22 sm) op te bouwen, de spoaren wurde mei wuollerkes iepenhelle, sadat it reinwetter der goed yn weisakje kin yn stee fan fan it lân te rinnen.
 
20 april 2012
Nij wie fan ’t jier dat de ierappelkisten mei pallets en al op de setmasine pleatst waarden, wat in soad hânwurk skeelt. De 7 hektare annabelle en monalisa koene yn 2 dagen oan de grûn tabetroud wurde.
 
7 april 2012
droege omstannichheden by it siedzjen en in bui op kommendeweis! Sneon binne de sipels siedde, siedbêdtarieding gie as it slydjaget.
 
 
Website Builder
mogelijk gemaakt
door Vistaprint